Siebe de Jong: altyd striidber


Siebe de Jong samar dea. Suver hast myn hiele libben haw ik him kend. Hy hie yn Kubaard de skoalmaster west fan in buorjonge fan my, en letter joech hy oan de Chr. Mavo fan Boalsert les oan myn suster. En hy siet fansels by ús heit op ‘e skaakklup. Doe’t ik letter sels lid fan Westergoo waard wie it in klupgenoat.

Siebe (offisjeel Sijbe) de Jong fan de Buorren 6 te Boksum, letter De Zalm 29 te Makkum. As it my goed heucht rekke er op in stuit by Westergoo wei om’t er sels op ‘e nij yn de skoalbanken bedarre. Hy koe goed leare en helle gâns akten: yn elts gefal foar Nederlânsk, Ierdrykskunde en ekonomy. Mar faaks ek noch wol in stik as trije oare.

Troch al dat learen gong syn leafde foar it skaakboerd net ferlern. Hy makke syn rentree by Westergoo mar makke ek útstapkes nei de Pion yn Harns en nei ODI yn Warkum, mar lang om let -sa’n 20-25jier lyn- struts hy dochs wer del op it âlde nêst, it Convent yn Boalsert dêr’t Westergoo al sûnt de oarloch tahâldt. Yn syn rouadvertinsje wie in skaakstik opnommen. Terjochte, want al mocht er eartiids op it griene biljertlekken graach in bal stjitte, syn hert gong sûnder mis foaral út nei it skaakboerd mei syn swarte en wite fjilden.

Ik tink dat er noch kwekeling wie doe’t er fan út Boksum yn Ljouwert lid waard fan syn earste klup. En hy hie ambysje. Ik bin syn namme wol tsjin kaam by de dielnimmers oan in Frysk kampioenskip. Hy kaam net foar in priis yn oanmerking, dêrfoar wienen syn tsjinstanners justjes te sterk, mar dochs... hy weage in skot, net benaud. Dat optimisme hat er altyd fêst witten te hâlden yn syn spul. Hy gong net de wenstige paden del mar mocht graach ôfwike. Syn hege remise-persintage fan de lêste jierren docht der net oan ôf. 

Yn myn argyf sitte noch wol partijen wêryn hy iepene mei Pa3. En de lêste jierren wie er wakker oan it eksperimintearjen mei in iepeningssysteem dêr’t ik de namme net iens fan wit, mar wêr’t hy o sa yn thús wie en wêrmei’t er by ús op ‘e klup in bulte sukses hie. Fan syn oerwinningen koe er wakker genietsje, en as er ris in spul ferlear berêste hy manmoedich yn syn lot. Oare wike: nije omloop, nije kânsen.

Fansels hie er ek syn nukken. As it ferrin fan de kompetysje him net sinnige waard er opsternaat, en dan skille der mei de kompetysjelieder. Faak hie er net ûngelyk, hiel inkeld wol en dan wie er nei ferrin fan tiid net te beroerd om dat ta te jaan. Siebe wie in man fan striid, net fan ûnderlinge strideraasje. En no is der wei. Samar ynienen.

As bestjoer wienen wy benijd as er nei oardel jier Covid 19 ek wer werom komme soe op de klup. Syn namme waard noch neamd op ús lêste gearkomste. Mar nee dus.... Us meilibjen giet út nei syn frou en bern. By ús sil syn namme noch geregeld falle al wie it allinne mar by it oerlangjen fan de Siebe de Jong-bokaal, de beker ornearre foar de Westergooer dy’t earste wurdt yn de rapidkompetysje. Yn it wurdsje rapid sitte- sa sjoch ik no- de r, en de i en de p fan ‘rest in peace’. Dat winskje wy ‘master’ De Jong ta. (HJD)