FK-column 4: Westergoo mei pensjoen?

Skaakklubs hawwe fan gewoante en ferhúsje geregeld. Meast is dat net út weelde mar út needsaak. Snits bygelyks is koartlyn ferfearn fan it Arbeidscentrum nei it wykgebou yn it Sperkhim. Ik haw der noch net west dus ik kin net sizze oft it hjir giet om in foarútgong. Lasker –sa fertelt Jan Hibma yn it tige lêsbere jubileumboek dat koartlyn ferskynd is- hat yn syn fyftich jierrich bestean fjouwer lokaasjes fersliten. Cafë de Brouwerij, de Open Hof, de Aardappelbeurs en Ons Huis. It útstapke nei Ons Huis hat mar efkes duorre en hie as reden dat de plysje yn de Aardappelbeurs op in seker stuit wat te folle wytplantsjes oantrof. It Nuon sleat De beurs of fan it elektrysk, en ja yn it tsjuster kinne je net skake, dus doe mar in skoftke nei Ons Huis. Doe’t it ljocht yn de Ierappelbeurs wer oangong, makken de Laskerianen al gau wer ‘rechtsomkeer’.  Om’t Lasker al jierren yn de KNSB spilet, hat it etablissemint suver lanlike bekendheid. Ik fyn it gebou foaral moai as je der mei de rêch nei ta steane.

De seal fan dûnsskoalle Vergonet hat him sa njonkelytsen in plakje ferovere yn it rychje wichtige Fryske skaaksealen. Tsien jier spile him der it Vergonet-toernoai ôf en no al wer fjouwer jier efter inoar wurdt der it Frysk kampioenskip ferspile.  It is in prachtige gelegenheid om te skaken en de analyzeromte foldocht oan alle easken.

Oer wichtige Fryske skaaksealen sprutsen. Mei stip op nûmer ien stiet fan sels ús eigen Convent.  Westergoo spilet der yn koarten al 65 jier sûnder ûnderbrekking.  Dat betsjut fansels net dat Westergoo no mei pensjoen kin of moat. Sterker, de 126 jier âlde klup libbet as in hert en is der oan ta om de Convent-seal lanlike bekendheid te besoargjen. Soe Emmeloard al ris út de rie wêze?

 

Op de notaasjefellen fan it FK is romte foar tachtich setten. Ik bin yn fjouwer ronden noch net oer de tritich west. Ek tsjin Sybe Smid wie it yn justjes mear as tweintich setten beslikke.

 

Sybe Smid - HJD

FK 2012, 30.05.2012

1.g3 e5 2.Lg2 d5 3.Pc3 c6 4.e3 Pf6 5.d4 e4 6.f3 Lb4 7.Ld2 De7 8.a3 Lxc3 9.Lxc3 exf3 10.Dxf3 Lg4 11.Df2 Pe4 12.Df4 Pxc3 13.bxc3 Lh5 14.Ph3 Lg6 15.0–0 Lxc2 16.Tf2 Lg6 17.Pg5 0–0 18.Lh3 Pd7 19.Pf3 Pf6 20.Pe5 Pe4 21.Tf3 Pxc3 22.Tf2 Pe4 23.Tf3 Pg5 24.Pxg6 fxg6 0-1