Ik rin al de hiele moarn te sykjen nei in goed Frysk wurd foar it ingelske ‘FaceBook’. ‘Gesichteboek’ soe kinne mar dat is wat flak, en ‘holleboek’ bekt net sa lekker. ‘Kopstikken soe faaks wat wêze mar dekt dochs net alhiel de lading. Dêrom sit ik oan “BekkeBoek” te tinken, mar alhiel wis bin ik dêr net fan.
Wêrom ik nei in Frysk ekwivalint foar facebook sykje? Wolno ik seach fan ‘e moarn yn de Ljouwerter Krante dat Remco Heite yn syn wyklikse skaakrubryk in portret sjen liet fan Boris Gelfland dy’t fan ’e wike twadde waard yn de striid om it WK. It portret waard makke troch de Snitser keunstner Gert Jan Slotboom. It portret stiet net op him sels mar hinget min of te mear gear mei in projekt dêr’t Gert Jan al in skoftke mei dwaande is en dat as titel draacht: My FaceBook”. Fan al syn freonen en bekenden (alteast in hiel soad) makket hy op dit stuit in portret fan 20 by 20. It werklik skitterjende resultaat is (lyk as it oare FaceBook) op ynternet te sjen. It sil nimmen fernuverje dat der ek in soad skakers yn it bekkeboek fan Gert Jan te finen binne, wêrûnder acht dielnimmers fan het FK dat justerjûn syn fiifde omloop belibbe. Wa’t hjir klikt bedarret op Slotbooms My FaceBook. Genietsje en herken!
Ik wie juster nei it iepenlofspul yn Blauhûs, dus rûn ik tsjin in reglemintêre nul oan. Spitich mar ek dy show must go on. HJD