By Westergoo wurde de ferskillen tusken de spilers hieltyd lytser. Tiisdei moast ik tsjin Tine Stapersma. In jier as wat lyn hie it in spultsje fan kat en mûs west, mar no moast ik 54 setten op myn iepenst wêze. Ik kaam op de 18de set in kwaliteit foar, mar moast dy op de 34ste wer priis jaan en dernei wie it bepaald gjin 'gelopen koers'. Tine hat troch stûf folhâlden in soad byleard en spilet sa njonkelytsen in knappe partij. En dat jildt foar mear leden dy't noch net hiel lang yn klupferbân spylje. In prachtige ûntjouwing!
Wa't healwei de partij op myn notaasjebiljet sjoen hie, hie grif de yndruk krigen dat ik nochal wat notaasjefouten makke. " 22. .... f4 23. ....f3 24. ...f5 25. ...f4" It liket raar, mar dochs binne dy setten spile en 45. ... f3 is ek noch folge. Tim Krabbé dy't kuriositeiten sammelet soe der grif syn fingers by ôflikje en op syk gean nei mear fan soksoarte set-rigen. Dy sille der grif wol wêze mar net by de rûs. Of hat ien fan de lêzers foarbylden?
Om te illustrearjen dat Tine it tiisdei hiel knap die, bygeand de partij nei set 40 fan swart. ( 40. ...Df7). Wyt (Tine) spilet 41. Dg4 + en myn plus-pion rekket der ôf. Der is op 'e nij lykwicht yn de partij. Ut einlik wist ik it noch wol te winnen, mar "opgelegd pandoer" wie it net. Vele laatsten zullen de eersten zijn! HJD