Yn it ferslach fan it NK-jeugd op de site fan Westergoo lês ik ta myn genoegen dat Eeltsje wer mei de Snitsers troch ien doar kin. Nei de wat ûngelokkige gong fan saken by it duel Sneek I – Westergoo I lei ús warbere Wytmarsumer in ferklearring ôf wêrút op te meitsjen wie dat er eins nea wer wat mei de skakers út de wetterpoartestêd te krijen ha woe. Foar it NK-jeugd wie hy lykwols frege om wat te hânlangjen en op dat fersyk is er yngongen. Ik nim oan dat it no wer ynoarder is en dat is moai. It libben is te koart om lang skeel ûnder inoar te hawwen. Ik hoopje dat Eel ek wer meidocht oan it FK dat nije wike yn Snits útein set en ik rop hjirby alle Westergooërs op om ek fan de partij te wêzen. It is in moai toernoai yn in gesellige seal. En troch de toernoaifoarm krijt elk al gau tsjinstanners fan likernôch syn eigen sterkte. Opjaan dus soe ik sizze!
Lit ik dan ek noch mar efkes fan de gelegenheid gebrûk meitsje om te wizen op de Raadsheer-byienkomst fan 23 maaie. Ek yn Snits. It wurdt in bûnte jûn mei in ryk ferskaat oan ûnderwerpen. Underhâldend en genoeglik, wat wol in minske noch mear? De skaakleaze simmer duorret noch langernôch.
HJD