In memoriam: Piter Sinnema

 

Toevallig viel zijn naam gister nog aan de bar. Marc Masmeijer haalde herinneringen op uit zijn beginjaren bij Westergoo. “ Sinnema was voor mij een lastige tegenstander”, merkte Marc op. Vanochtend las ik in de krant dat diezelfde Sinnema eerder deze week tijdens een partijtje biljart op bijna 77-jarige leeftijd plotseling was overleden. Bij de FSB-slotronde in Emmeloord hadden we elkaar nog nadrukkelijk gegroet. En op het jongste `Burgum-Iepen’ heb ik voor het laatst tegen hem gespeeld. Ik won, maar Marc had gelijk, hij was een lastig tegenstander.

Sinnema wie – ik gean no mar oer op it Frysk want dat wie de taal dy’t Sinnema leaf hie en treflik behearske- leraar oan it Simon Vestdijkcollege te Harns en wenne lange jierren oan de Gysbert Japicxleane yn Wytmarsum. Hoe’t er it skaken ‘ ûnder de lea krige’ wit ik net, mar doe’t er fanút Wytmarsum socht om in klub lei de wyklikse gong nei Boalsert foar de hân. Wol tweinitich jier –mar faaks ek noch wol folle langer- reiziger er alle wiken nei it Convent. Meast op ‘e fyts. Earst allinnich mar letter ek in grut tal jierren mei Cees Banning fan Kimswerd, dy’t er kinnen leard hie en ek enthousjast Westergooer makke. Meast let yn ‘e nacht setten de beide mannen wer ôf, want beide holden se ek fan it neipetear oan de bar en it soepele slokje dat der dan skonken en dronken waard. 

Piter Sinnema koe op it skaakboerd goed út de fuortten. Hy koe de bêste spilers partij jaan en dat betsjutte yn dy jierren hiel wat. Westergoo wie ien fan de sterkste klubs fan de provinsje mei mannen as Theun Haijtjema, Jan Lootsma, Douwe van der Meulen, Holly Boersma, Franke van Netten, Mark Masmeijer, Fokke de Boer, Cees Banning, heit en soan Visser en neam mar op. Klupkampioen is er neffens my nea wurden, mar meastentiids siet er wol by de heechste fiif. Yn de eksterne kompetysje -earst FSB en letter in grut tal jierren KNSB- ferdigene er de Westergoo-kleuren meast oan de hegere buorden. Opfallend wie dat er hast nea op it aljemint ûntbriek. Hy wie der hast altyd. Koartsein in kluplid dêr’t je wat oan hienen. As lid alteast. Foar bestjoersfunksjes wie der net te rissen. Dat liet er graach oan oaren oer.

Sinnema wie in echte leafhawwer fan it spul. Hy spile skerpe partijen en der wie op syn boerd altyd wol wat te belibjen. De striid gong hy net út de wei. Ik spylje net folle partijen nei út it ferline mar as ik yn in âld boekje in partij tsjinkom wêr hy myn tsjinstanner wie, dan kin ik it meast net litte om der efkes it boerd by te krijen. Never a dull moment. Fjoer en flam, offers, kombinaasjes en gjin remise-gesko.

Bûten de klub om wie er ek in soad efter it skaakboer te finen. Hy kaam in soad by Koos van Houten en ek yn Kûbaard by Fokke de Boer skode er wol gauris de fuortten ûnder de tafel. By de simmerkompetysjes dy’t der yn it ferline wol holden waarden wie Sinnema ek steefêst fan de party. Hy fielde him thús ûnder de skakers, dat wie dúdlik.

De lêste jierren spiler er by Jurjen Tolsma yn Stiens. Dêr naam er wat gas werom. Hoewol er fierwei de heechste rating hie liet er it spyljen oan it heechste boerd graach oan oaren oer. Op ‘sân’ as ‘acht’ sprokkele er hiel wat puntsjes foar Tolsma byinoar.  Hy blieu dy klub trou ek doe’t er letter fier oan de oare kant fan Ljouwert wenne. Mei ús Teake Bergsma hat er noch in blau moandei belutsen west by NEO yn Burgum, mar dat hat net lang duorre.

Piter rekke by Westergoo wei tagelyk mei Jaap Luyendijk. De lêste hie him lange tiid foar de jeugd fertsjinstlik makke en it bestjoer fûn dat hy wol in passend kado fertsjinne hie. It waard in prachtich skilderij fan Fokke de Boer. Sinnema waard net oerslein. Ek hy krige in ‘De Boer’ foar oan de wand. It bart net sa faak dat leden dy’t ôfskied nimme in presintsje meikrije. Dat dizze eare foar Piter Sinnema wei lein wie is tekenjend. Wy mochten graach oer him en we fûnen it spitich dat der fuort gong nei safolle jierren.

En de bân is altyd bleaun. As wy inoar tsjinkamen waard der altyd fûstke. En dan hienen wy it der efkes oer. Steefêst kaam âld foarsitter Elzinga dan ter sprake en de heren fan Emmeleroord, de evergreen dy’t Sinnema graach efkes ‘ draaide’ . Twa as trije jier lyn dûkte Sinnema ynienen op yn it Burgum Iepen, it sfearfolle jierlikse barren by Teake en Thea Bergsma thús. Serieus skake, in smout ferhaal en tige goed fan iten en drinken. Net elk past dêr tusken. Mar Piter wol. Hy hearde der noch altyd by. Wy sille him dan ek misse.

hjd