- Gegevens
- Geschreven door: Eeltsje
- Hits: 1380
Hartwert - sibben fan romrofte tinksporters lizze der te hôf en men kin der omraak damje en biljerte- foarmet tiisdeitejûns it mekka fan de fluchskakers. Dizze wike ek wer wiene njoggen leafhawwerd nei It Terphûs kaam om dêr mekoars krêften te mjitten. Hoewol, Marc Masmeijer rûn der diskear fier út. Hy spile acht potten en wûn like folle. Mei oermacht neamt men sa'n oerwinning. En ek wurdt wol sprutsen fan 'afgetekend' . Marcus traktearre him sels nie ôfrin op twa frkandeltsjes. Dy hie der wol fertsjinne, sa fûn der sels en hy hie gelyk. Om it twadde plak waard fûl striden. Trije spilers einigen mei like folle punten: Rintsje Altena, Siebe de Jong en HarmJan Dijkstra. Elk fiif út acht. Taeke Bergsma fan Burgum waard fiifde mei fjouwer en in heal en Garmen Hageman sechsde mei fjouwer. Gasthear Piet Sikma skoarde twa en in heal, Lambertus Hylkema hold HarmJan fan it twadde plak troch de Ysbrchumer yn de lêste omloop oertsjûchjend te ferslaan. Nua út Sirië ried om yn reedriderstermen te sprekken in moaie flakke rees: 0 út 8. Ek foar him jildt lykwols: oefening baart kunst. Noch sân nachtjes sliepe en de mannen kinne op 'e nij los. En it is sa't Rintsje sei: ' It is krekt in boek. It stiet der yn as it stiet der net yn.' Djippe gedachten yn Hartwerder nachten. Wurdt fuortset.
HJD