- Gegevens
- Geschreven door: H.J. Dijkstra
- Hits: 1422
Sinterklaas heeft het land inmiddels al weer met stille trom verlaten, maar hier en daar duikt nog een rijmpje op. Zie het bijgaande versje. Wie het met aandacht leest kan het partijtej zo naspelen, zo heb ik ontdekt. Het is mij niet bekend wie de rijmelaar is. HJD
It skaakspul
Twaentritich stikken
Stean strak yn it gelid
Yn alle hoeken stiet in toer
En de pionnen tsjininoar oer
Fjouwer riedshearen,
twa span hynders
Kening en keninginne
It spul kin begjinne.
It is neffens it reglemint
Dat wyt begjint
It is gjin dreech beslút
pion foar de kening: twa foarút
Swart, lang net gek
Tinkt: wat hy kin dat kin ik ek.
Dan is ‘t wer oan wyt
Hy kiest it keningsgambyt
Swart, sljucht op hout
Slaat altyd, ek al is it fout.
Wyt tinkt: ik sil dy wol krije
En spilet it hynder nei ef-trije
Swart, mompelet yn it Ingelsk ‘nice’
En skoot in piontsje nei ef-seis
Wyt andert yn it Dutsk: was soll den bauer?
Myn loper giet nei cé-fjouwer
Swart krijt suver al wat pine yn’t liif
En docht lang om let gé-fiif
Wyt ropt: der komst wol achter
En docht syn hynder nei de slachter
Swart, gek op hout, mar ek op fleis
Slacht happe mei de pion fan ef-seis
No giet it hurd, de wite dame flocht nei ha-fiif
En it antwurd fan swart stiet bûten kiif
Wêr moat ik no hinne?
Tinkt de blanke keninginne.
Mar ho! Wacht! Ik doch éé-fiif ferdikke
Dan is it spul sa goed as beslikke.
Troch dé-fiif hie swart it libben rekke kinnen
Mar ferbline troch syn triennen
Spile hy de dame ien oan kant, dus nei éé-acht
Troch te slaan op gé-fiif kaam de ein lyk as ferwacht.